Sneon de 63 ste (!) Lytse PC yn Mantgum

Achte keatsers en keatsleafhawwers, Twa jier lyn hawwe we de Lytse PC ôflasse moatten fanwege in te wiet fjild No binne we oan it bereinen omdat it sa droech is. Meiwurkers fan Gemientewurken Littenseradiel dogge harren bêst om de gersmatte te perfeksjonearen. Wat wis is, is dat it dit jier wol troch giet! We hawwe dit jier in jubileumjier en jouwe ekstra oandacht oan ús partijen Dat bestjut foar de Lytse PC een ûnthulling. We dogge dit krekt foar tsien oere. Foar de finale al wer de 8e útferkiezing fan trouste supporter fan de 1e klasse fan dit jier mei de útrikking fan de Janse skaal en oandacht foar ôfskie nimmende keatsers Dit fersoarge troch keatsers sels in prachtich barren, mei faek pikefel. De Wjukken stroomt dan leech om te harkjen nei in sprekker fanút de keatsers. Ferline jier wie dat Peter de Boer. Nei ôfrin feest mei ”live muzyk” yn M.F.C. de Wjukken Allegeare dus kommende sneon nei Mantgum, it wurdt moai waer, in list mei 24 partoeren en de tagong is fergees!

Geplaatst op 04 September 2013